Sûnt 1 juny is de TipToko ek yn 2021 wer beminske om de toeristen én de doarpsgenoaten te helpen by fragen oer doarp en omkriten. De groep frijwilligers, de ‘Tippers’, bestiet dit jier út 14 persoanen dy't ombeurten alle dagen ‘sitting’ ha yn ’t havengebou fan ‘e Komerk tusken 14.00 en 17.00 oere. Der kin ynformaasje jûn wurde oan de gasten oer de akkomodaasjes en rekreaasjemooglikheden yn en om Eastermar hinne. Te tinken is dan oan de hoarekagelegenheden, winkels, fyts- en kuierrûtes, nijsgjirrige doarpssaken en evt. eveneminten. Dat lêste soppet net sa rom fanwege de noch jildende koroanabeheiningen.

Nij yn it havengebou is it ynformaasjeskerm. Dêrop is – ek bûten de TipToko-oeren – te sjen wat ús doarp te bieden hat oan de belangstellende toerist/doarpsgenoat.
Yn ‘e ôfrûne wike hat al in 41- tal besiters by de tsjinstdwaande Tippers oankloppe om ynformaasje. En dan moatte de skoal- en boufakfakânsjes noch begjinne…

Bestjoer TIP Eastermar Promoasje

20210609 14081920210609 140850

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: