It lêste stiftingsnijs SIES:

It lêste Skûtsje Ea nijs

Information
Publisearre: 21 maart 2012 | Kategory: SIES algemien
Skûtsje Ea history

Skiednis Eastermarder Skûtsje

Al in jier as wat waard troch in tal (âld-)Eastermarders de winsk utere dat ús doarp feitlik ek in skûtsje ha moast. Yn it ferline leinen hjir ommers op Snakkerbuorren wol in stik as sân fan dizze frachtskippen. Wat soe’t moai wêze en bring in lyts stikje fan dy tradysje werom. Ein 2006, begjin 2007 wie’t safier: de famylje Tadema, fanâlds Eastermarders, kochten in wenark en hast tagelyk rjochte in ploech syl-entûsjastelingen in stifting ta stipe fan it skûtsje op. It skip – in yn 1911 op Schilkampen boud skûtsje ûnder de namme ‘De Vijf Gebroeders’ – waard yn ‘e maitiid folslein restaurearre en sylklear makke foar dielname oan de IFKS- wedstriden fan 2007. Dêrby ha in soad Eastermarder frijwilligers aktyf west.

Ek nijsgjirrich:

Werom nei de foarige side

Foar redakteuren:

Sykje:

Friese tekst vertalen:

Kopieer de tekst en plak deze in de 'Oersetter'.

Eastermar.nl en privacy

Doarpsside Eastermar.nl pleatst 'cookies' foar in optimale wurking en it byhâlden fan de statistiken. Graach jo akkoart!