Image

Der wurdt noch hieltyd hurd wurke om it Eastermarder skûtsje foar de simmer klear te krijen. In oersjoch:


- de ferlinging is klear
- de mêstkoker is klear
- de rútsjes yn 'e kont fan skip sitte der yn
- de mêstlûken en it durkslûk sitte der yn
- de bolders binne klear, mar dy moatte der noch wol op
- de swurdsleuven sitte der op
- it skip is fierhinne keal makke, sadat it hjirnei straald wurde kin.
- de lasknaden binne al foar in grut part ôfslipe (mei Eastermarder help)


Op dit stuit is men dwaande mei it ferwiderjen fan de dûbelingen. Der sit wat mear wurk yn as tocht. Der komme op de measte plakken nije kimen yn en dat nimt wat mear tiid. Foardiel is wol dat men it plamuerjen oerslaan kin, sadat it skip koarter by de straler/'coater' hoecht te wêzen.

Der binne ek al in soad oare dingen regele:
- de mêst
- it roer en it helmhout
- de ferstaging
- de swurden
- de gyk

Image

Image

Image

Image

Image

Image

 

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: