De wedstriid fan Sleat hat krekt west, mar it is no al wis: ús Eastermarder Skûtsje is dwaande mei in prachtige rige wedstriden yn de IFKS. Wa hie dat Ea tocht ?
Alle reden om - krekt as oare jierren - it skip, de skipper en de bemanning feestlik yn te heljen. Kom dêrom snein om 16.00 oere nei de Komerk by de grutte steiger. Dan kinne jimme sjen litte dat wy allegearre meilibje mei it Eastermarder Skûtsje. Boatbesitters kinne ek de Mar op gean om har temjitte te farren. Nim wol in goeie motor mei, want it skûtsje fart hurd.
Nei ôfrin is der noch in neisit yn Meerzigt. Foar in skaplik pryske kinne jimme dan ek noch meidwaan oan de BBQ. Opjefte dêrfoar kin fia de mail by Meerzigt (info@hotelmeerzigt.nl), mar ek snein nei de yntocht.
it Stiftingsbestjoer
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »