Yn de ferslaggen hawwe jimme lêzen dat wy yn de wedstriden op 'e Lemmer net mear it behâld yn de A-klasse foarinoar krigen. It wienen wol ferskuorrend spannende wedstriden, net allinnich foar de striders om it earste plak. Wy sile dus kommend jier wer yn de B-klasse.
Us foarsitter Wijbe Postma helle juster al oan dat wy as bemanning dit jier mear leard hawwe as de eardere twa jier yn de C- en B-klasse. By de starts is it gewoanwei smoardrok, jo krije gjin gatsje mear by de tonne, in leger fan profesjonele adviseurs sylt op de skippen mei om te sjen wêr't de wyn weikomt en dus de de slaggen lizze moatte. Wedstriden dy't blykber trochgean moatte oant yn de protestkeamer...

Juster is it skûtsje weromkaam yn Eastermar. Earst op de motor en fan Burgum ôf op syl. En dan farre jo op de Burgumer Mar en dan komme de boaten jo temjitte. En dan blykt de Komerk wer hielendal fol te stean mei folk, de supporters. Dat hat foar de bemanning in tige grutte opstekker west. Super. Brok yn 'e kiel. Dan sjogge jo hoe't de donateurs út Eastermar en omkriten meilibje, ek dit jier wer. Hokker skûtsje hat no sa'n machtich 'DegradaasjeBarren' sa as uzes juster op de Komerk en yn Meerzigt? Ik hoopje foar harren dat ek yn Warten en Earnewâld safolle minsken warber wienen foar de skûtsjeskippers.
ea
Tige tank foar jimme stipe en entûsjasme. It kommende jier wurdt der wer foar syld: foar in topklassemint!

Oebele

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: