Hjoed hat de bemanning drok dwaande west om it Eastermarder skûtsje wer op te túgjen foar it seizoen fan 2011. De ôfrûne wiken is it flak fan it skip straald,  bewurke en hielendal strak makke by Hooghiemstra yn Twellegea. Dêr hat al earder op dizze side wat oer te lêzen west.
De mêst, de grutte oanskaf fan 2009, waard troch transportbedriuw Combex nei de optúchlokaasje brocht. Der mei wol even sein wurde dat de Combex dit foar nul sinten dien hat!  Combex, tige tank hjir foar!
Hawar, it roer, de mêst en de giek, de swurden, alles hinget en stiet wer te plak. En dat moat ek want oare wike, it wykein fan 16 & 17 april, moat it skûtsje yn Langwar foar it earst dit seizoen oantrede. Dat wykein binne der 4 wedstriden dêr 't IFKS en SKS skûtsjes oan meidogge.
It Eastermarder skûtsje sylt yn poule A op sneon fan 9.30 oant 10.30 oere en fan 13.30 oant 14.30. Fan de útslach fan sneon hinget ôf wannear 't snein syld wurdt; moarns yn de lytse finale (10.00 oere) of middeis yn de grutte finale (13.00 oere).

Combex bring mêst

De mêst wurdt te plak set

De foto's binne makke troch Sipke Hogendorp

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: