Al earder waard melding makke fan it feit dat it skûtsje fan Eastermar by Hooghiemstra is om it ûnderwetterskip oan te pakken.
Op de foto's is te sjen dat it skûtsje no op 'e kop leit (in aparte gewaarwurding neffens skipper Geale Tadema). De proseduere giet no fierder mei it stralen fan it ûnderwetterskip, dan komt der in laach grûnferve oerhinne en dêrnei moat der plamuere wurde. Wannear't dat klear is, wurdt de romp fierder ôfwurke en kin it skûtsje wer draaid wurde. Eind maart moat dat sa ûngefear klear wêze. Dan wurdt it skip wer optúgd om diel te nimmen oan de wedstriden yn Langwar op 16 & 17 april. Dan sil foar it earst blike oft dizze ynvestearring fertuten dien hat.

Skûtsje ûnderwetterskip

Skûtsje ûnderwetterskip

Skûtsje ûnderwetterskip

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: