Op freed 28 maaie waard oan donateurs fan it Eastermarder skûtsje de gelegenheid bean om in kear mei te silen op 'ús eigen skûtsje'. Dit waard organisearre troch Stifting 'it Eastermarder Skûtsje', fansels yn de mande mei skipper en bemanning.

Om 17.00 oere lei it skûtsje foar de earste groep klear op de Komerk. Nei in hiel aardige útlis fan skipper Geale Tadema ('Tink om it stikje hout dat oerkomme kin op it momint dat wy draaie'), moasten de donateurs fuortendaliks sels oan 'e bak. Der stie in bêst stikje wyn, in dikke fjouwer, dus moast der in rif yn it seil set wurde. En dêr wie de help fan de 'nijbakken' bemanning wol even by nedich (foto).

in rif sette

De twadde groep sette om 19.00 oere ôf. De wyn hie him wat deljûn mar der wiene noch genôch pûsterkes om aardich oer de Mar te fleanen.

Al mei al in goed slagge aksje, mei tank oan skipper en  bemanning, dy 't de hiele freedtejûn klear stiene om sjen en hearre te litten wat it silen op 'ús skûtsje' no eins ynhâldt.

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: