It bestjoer fan St. It Eastermarder Skûtsje, ferantwurdlik foar de sponsoring, hat hjoed ris sjoen hoe 't it mei it skûtsje der foar stiet en is nei Twellingea ôfset. Hendrik en Douwe Tadema (mei Geale Tadema de eigners fan it skip) hawwe de leden fan 't bestjoer in taljochting jûn op de foarderingen. Dat der ôfgryslik hurd wurke wurdt, is oan it skûtsje wol ôf te sjen.
It skip is ferlinge, op ien fan de foto's is dat moai sichtber. It dek en de spanten sitte der no yn. It net al te grutte roefke, earder op in skûtsje fan Earnewâld, sit moai te plak. De gongboarden en it achterdek binne dêrtroch rûm bleaun. Details, sa as it potdeksel, binne no oan bar.
De ferwachting is dat it skip oan de ein fan april nei de straler kin.

Image

Der is al in tal Eastermarders dat him opjûn hat as bemanningslid. Neffens Douwe Tadema komt dat hielendal klear.

Image

Image

Image

Image

Image

Image

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: