Sûnt in lyts wike leit ús doarpsskûtsje by de opslach op ‘e ein fan Snalkkerbuorren. Nei’t de winterferljochting ferwidere is, binne meikoarten de earste hannelingen. om it skip wer wedstriidree te meitsjen nedich. It nije sylseizoen ferget wer syn drokten. Kommende saterdei (23/2) wurdt de âlde mêst fan ’t skûtsje helle. Dy kriget wer syn simmersliepplak by Bouwe de Jong oan ‘e Sumarderwei. It roer wurdt dy deis wer achter it skip hongen. De skea oan dat roer, oprûn by de oanfarring op ‘e Tsjûkemar wêrby’t de skipper oerboard rekke, is de ôfrûne moannen repareard. Dat it roer moat pleatst wurde, want sûnder roer – mei de oanhingmoter dêroan – komme je net sa fier. It doel is ntl. dat ‘it doarp Eastermar’ dit wykein nei de stêdDokkum fart.
Yn Dokkum sil it ûnderwetterskip goed besjoen wurde. Om dat klear te krijen moat it skip fansels út it wetter tild wurde en op ‘e wâl set. Dan sil it skûtsje ek wer kreas yn ‘e ferve komme, mei ekstra omtinken foar it ûnderwetterskip, want… gong is alles. It is noch net dúdlik wannear’t de wedstriidmêst pleatst wurde kin, want dêr moat ek noch ûnderhâld oan plakfine.

P1110409

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: