"It moat bot wenne." Dat wie de fersuchting fan de skûtsjebemanning nei twa dagen ‘Slach om Heech’ op 4 en 5 juny. De trim fan it nije túch - dêr’t foar it earst mei syld waard - wie de saterdeis noch lang net ynoarder: skipper en bemanning besylden in op ien-nei en in lêste plak yn in fjild fan 16 IFKS-skûtsjes.

De sneins giet it wat better mei in 11e en in 6e plak, mar by de tredde wedstriid waard ‘it doarp Eastermar’ by de finish net ôfsketten om’t de wedstriidlieding in falske start konstatearre hie.
It skûtsje bliuwt yn alle gefallen dizze wike noch by Heech lizzen om op it romme wetter dêre it túch der goed by te krijen mei advys fan ‘e seilmakker sels dy’t dan ek meisile sil.

Wy binne benijd hoe’t dit allegear útpakt, mar dat it dit wykein lang net nei ’t sin gie waard moai yllústrearre troch Sjoukje Tadema op myn fraach “Hoe is ’t gien?” Har antwurd: “Ruk!”

Wijbe Postma

roer

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: