Nei de tsjinslach fan it omslaan op ‘e twadde dei, pakte skipper Geale – hoewol’t de lea him oan alle kanten pleage troch de smak dy’t er freed makke, en de bemanning net kompleet wie – dochs de tried op en sylde mei syn ploech saterdei wer folop mei. (Sipke Hogendorp moast ôfheakje fanwege de oprûne knibbelblessuere en noch in tal bemanningsleden hie oare ferplichtings.)
By de start fan ‘e earste wedstriid waard ‘it doarp Eastermar’ troch it skûtsje fan Pieter Meeter ûnreglemintêr hindere, mar Geale keas foar in ekstra rûntsje by it startskip yn pleats fan ‘e kâns op averij en dêrnei de konfrontaasje yn ‘e protestkeamer. De konsekwinsje fan dizze kar wie dat ús doarpsskûtsje op it 16e plak finishte.
De twadde wedstriid ferrûn wat better om’t de start geunstiger wie. De wyn hie oanhelle en sa koe it nije túch goed test wurde. De bemanning rekke dêr hieltiten better op ynspile en de ‘trim’ fan it gehiel kaam mear ta syn rjocht. It resultaat wie dan ek in 12e plak.
Rekkening hâldend mei alle tebeksetters fan dizze Lemster dagen jout it behelle 18e plak yn ‘e einklassearring moed genôch om it kommend simmerskoft optimistysk temjitte te gean.
-
- Informatie
- 24 april 2024
Ea wedstrijdverslag skûtsjesilen Langwar
Na twee trainingen op de Burgumer Mar was het afgelopen weekend tijd voor de eerste wedstrijden van... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze »
-
- Informatie
- 24 april 2024
Ea wedstrijdverslag skûtsjesilen Langwar
Na twee trainingen op de Burgumer Mar was het afgelopen weekend tijd voor de eerste wedstrijden van... Fierder lêze »