Drege startdei Ea-skûtsje

Hjoed, Himelfeartsdei, wie de earste dei fan ‘e kombinearre SKS- en IFKS-silerij Lemmer Ahoy ’19. Yn klasse 1, SKS en IFKS A-klasse grut, starte fannemoarn om 10.30 oere ús doarpsskûtsje. Der stie yn ‘e Lemsterbaai in bêste pôle wyn, krêft 5, en dus wie it oanpoatsjen foar de Eastermarders. Mar tsjin averij falt net te poatsjen.

Yn it earste krúsrak nei de boppeste tonne gie it foardiel fan ‘e goede start eins ferlern, omdat ús ploech it skip net ‘oan ‘e praat’ krige. By de healewynse tonne hie skipper Geale it hiele fjild fan sa’n 21 skippen op trije nei foar him. Dat wie ek de folchoarder by de finish fan ‘e earste wedstriid.

Ek yn ‘e middeissilerij wie de start goed, mar siet it Lemster skûtsje it doarp Eastermar dwers en waard der wer yn ’t achterfjild syld. By it foar de twadde kear gijpen fan ‘e boppetonne bruts de lummel. De skea oan dit draaipunt fan ‘e gyk makke fierder silen ûnmooglik en de bemanning helle it túch del en moast it wedstriidwetter ferlitte.

De oprûne skea wurdt sa gau mooglik hersteld en de ferwachting is dat der de kommende 2 dagen wol wer syld wurde kin op ‘e Lemster baai.

Lemmer Ahoy

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: