Ien fan 'e supporters neamde de wedstriid fan it Ea-skûtsje hjoed in 'jojo-silerij'. Dat wie in adekwate beskriuwing, want it wie op de lêste dei fan Lemmer Ahoy in op-en-del-en-wer-op-spultsje. Us doarpsskûtsje kaam as 7-de út 'e start wei en as 8-ste om de boppeste tonne yn 'e earste rûte. Yn it folgjende foar-de-wynse rak gie it mis. In achttal skippen achter 'it doarp Eastermar' fongen safolle wyn fuort dat skipper Geale en syn ploech suver foar dea op 't wetter lei. By de 'gate' ûnderyn it wedstriidfjild siet de heale float ek nochris as in stel luie oaljefanten mekoar dwers.

Sa kaam it dat de Ea yn 'e twadde rûte as ien nei lêste, plak 24 (!) dus, om de boppeste tonne gie. Der kaam doe wol wat mear romte yn 't fjild en sa waard frij sile better mooglik. It resultaat dêrfan wie dat ús ploech yn 'e folgjende twa rûtes in ynhelslach meitsje koe en dus as 15-de oer de finish gie.

As dit stikje skreaun wurdt is de definitive einklassearing noch net bekend ek al omdat der noch in pear protestsituaasjes útiten wurde moasten. Oer it generaal wienen skipper en bemanning tefreden oer de Lemster silerij fan dit jier.

P1240072

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: