It wie hjoed in dei dêr't de siswize 'soms zit 't mee en soms zit 't tegen' fan tapassing wie. Mar foar 'it doarp Eastermar' siet it foar it measte tsjin. Wat benammen tsjinsiet wie de wyn. Mear skûtsjes hienen dêr lêst fan yn dizze wedstriid, mar it like wol oft Aeolus it op ús skipper mei syn bemanning foarsjoen hie. Tocht ús ploech dat earne op 't wetter in plak wie dêr't wyn siet en fearen se dêrhinne, dan wie de luchtstream ynienen op 't plak dêr't se krekt weikamen. Sa dwaalde ús doarpsskûtsje fannemiddei wat yn 'e Lemster Baai om mei it resultaat dat hja úteinliks as 19-de einigen.

Foar it publyk miskien in fermakelik gehiel, mar de silers hienen hjiroer de P yn. Yn it klassemint oer twa dagen stiet de Ea no op 't 12-de plak en dat is yn alle gefallen noch yn 't linkerrychje. De wynferwachting foar saterdei, de lêste dei, wat geunstiger. De wedstriid foar ús klasse begjint dan om 14.30 o.

IMG 0148

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: