Yn in fjild fan 25 skippen, besteande út sawol SKS- as A-klasse IFKS-skippen, besylde ús doarpsskûtsje hjoed in 13-de plak. De start fan dizze grutte klasse wie foar de Eastermarders goed. Yn de earste rûtes koe in moai 6-de plak fêsthâlden wurde. In situaasje mei it SKS-skûtsje fan Grou waard ferkeard ynskat troch ús Ea-ers en dêrtroch moast in ekstra rûntsje draaid wurde. Dêr profitearden 7 oare skûtsjes fan en sa kaam 'it doarp Eastermar' as 13-de oer de finish. Omdat der gjin rarichheden barden en it skip goed rûn, kin der weromsjoen wurde op in slagge earste wedstriid yn 'e Lemster baai.

Skûtsje Ea

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: