De earste fjouwer wedstriden skûtsjesilen IFKS yn de A-klasse hawwe no west. En eltsenien dy't it allegearre folge hat, wit dat it net sa hiel bêst ferrûn is. Yn alle gefallen minder as de measten fan ús hope of tocht hienen: alle kearen yn de acherein. En dan hearre jo: "it túch stie der net goed by", "de slaggen koenen better", "it siet harren by de tonnen net mei..."

Mar wy kinne der net omhinne: yn de A-klasse wurdt gewoan better en hurder syld. Snellere skippen, bettere skippers. Oare jierren wie der noch wolris rûmte yn de start of by de tonne. No net: se knipe jo der út as se kinne. Guon lokje hast in protest út en dan kinne wy dochs mar in rûntsje draaie. Sjoch mar ris op de IFKS-side nei de kompjûterbylden.
Wis, it wurdt no in poepetoer om yn de A-klasse te bliuwen, tusken Jelle Talsma, de Los Boys, Tony Brundel en al dy oare toppers. Mar ja, dat binne skippen mei in syl fan ien, heechút twa jier. Dat fan ús is tsien jier. Mar wat wy hjoed yn Sleat dan ek wer hearre fan de oare skippers: "Jongens, as it by jimme rint, wat giet it dan hurd!" En sa fiele wy dat ek. Wy ha allegear it gefoel dat der noch in hiel soad út it skûtsje te heljen is, dat wy ek yn it middeisferslach fan Klaas Jansma thús hearre. De starts wienen meast super, foar de wyn en heech oan de wyn rint it ek knap. Dan komt de rest ek.

Der komme as ik dit skriuw noch trije wedstriden en wy sille der om stride bliksem! Hja sille witte wat de Eastermarders kinne. Net allinnich op it wetter mar ek oan de wâl. Want wat binne der wer in soad Eastermarders as supporter. Dêr binne wy grutsk op. Moarn mar werris eefkes yn it ferslach sjen.

p8057142-1

Oebele, skoateman

Besjoch de bylden fan Albert Bakker fan de wedstriid op de Sleattemer Mar.

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: