Der is yn ‘t ôfrûne healjier plamuerd, skjirre, lakt, ferve, flekst en laske oan 'it doarp Eastermar'. Dat barde op ferskillende lokaasjes. Yn Dokkum waard it skip út it wetter helle en is it alhiel op ‘e nij yn ‘e ferve set. . Op ‘e Opperkoatsterwei by Koatstertille is hast alle plamuer- en lakwurk oan it hout, bgl. roer (slim skânsearre op ‘e Tsjûkemar), swurden, gyk en gaffel, dien. De wedstriidmêst hat ûnderhâld hân op ‘e Gordyk.

By al dat ûnderhâldswurk ha de bemanningsleden har hannen wapperje litten. Sûnder dy ynset hie dit winterske heikerwei net útfierd wurde kinnen. Der sitte fan dy hearen en dames hiel wat frije oeren yn en dat fertsjinnet in grut komplimint!

Dit hiele winterkarwei hat as resultaat dat it skip der wer as in pronkje by leit. In grut tal doarpsgenoaten koenen dat de ôfrûne wiken sjen op ‘e Snakkerbuorren. In prachtich gesicht sa’t dêr de histoarje fan Eastermar as skippers-en skûtsjedoarp wer stal krige. De earste trening op ‘e Mar hat ek al plakfûn en it docht bliken dat al it boppesteande ûnderhâldswurk positive effekten op skip, bemanning en taskôger hat.

Dus... 'it doarp Eastermar' is klear foar in nij – hooplik tige suksesfol – simmerskoft.

IMG 4115 1024x768

IMG 4327 768x1024

IMG 4328 768x1024

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: