Troch: Anneke de Vries

10 Augustus

Manmachtich binne de Eastermarders ôfreizige nei de Lemmer foar de ien nei lêste dei fan it IFKS skûtsjesilen. Hoe soe ús skûtsje it der dizze wedstriiddei fanôf bringe? Nei in wat gaoatysk ferrin by de heechste tonne giet Eastermar der as earste omhinne. De twadde ronde giet it der wer nuver om en ta by de tonne, Eastermar giet der as fjirde omhinne. Yn de tredde ronde hat Eastermar wer ien ynhelle en nimt no in fjirde posysje yn.

Dan op nei de finish. Soe Eastermar noch tredde wurde kinne!? It spant der lykwols om, de nûmers trije en fjouwer lizze flak byelkoar. De spanning lûkt jim ferslachjouwer frjemd troch it liif. En ja hear! Eastermar slagget der dochs yn om dizze wedstriid as tredde oer de einstreep te gean! De ûntlading is te hearren op it skûtsje. En by de kloften Eastermarders op 'e wâl fansels.

Moarn, 11 augustus, is de lêste syldei, ek wer op 'e Lemmer. Dat is dan de lêste kear dat jo ús skûtsje mei de bemanning yn aksje sjen kinne. It is net sa dreech te finen: jo ride de Lemmer yn en geane oer de brêge rjochts en dan parkeare by de feesttinte oan de linkerkant. Oant moarn!

De útslach fan hjoed:

De Jonge Jan-Jelle Talsma (Warten)
Ulbe Zwaga- Kees Hermsen (Velp)
It doarp Eastermar- Geale Tadema (Eastermar)

oan_it_wurk.jpg

Der moat hurd wurke wurde

oanmoedigje.jpg

Fansels binne de supporters ek oanwêzich

de_lemmer_1.jpg

In moai plaatsje

lekker_ite.jpg

Lekker ite Jelmer!

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: