De tariedings foar it nije skûtsjeseizoen wiene al wat langer oan 'e gong (skuorje-lakje-skuorje-lakje-skuorje-lakje) mar hjoed, mei in prachtich foarjierssintsje der by, wie foar eltsenien sichtber dat it wer tiid is om it skûtsje fan Eastermar ree te meitsjen.
Mei help fan in hiel lange frachtwein (Combex) en in kraan (Brouwer & Brouwer) waard de 'wintermêst' ferfongen troch de wedstriidmêst en kamen lier, swurden, gyk, roer en helpmotor wer teplak. Alles wer kreas yn lak en ferve. Eigners en bemanning hawwe de hiele dei - bytiden letterlik - yn tou west om it allegear foarinoar te krijen.

De earste training is op 24 maart (moarns, Burgumer Mar). De earste wedstriid fan 'it doarp Eastermar' is yn Langwar op 14 en 15 april.

skutsje-mest1

skutsje-mest2

skutsje-mest3

skutsje-mest4

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: