Feest op de Hegemer Mar
Der binne fan dy dagen, dy skriuwe jo mei in gouden pinne. Ek as jo efter in kompjûter sitte, moarns op it folchskip op wei nei Sleat, nei it feest yn Heech.
Werom nei de dei fan tiisdei.
Der stiet wyn. De loft is berûn en it waait aardich. Net te bot, net te min. Wy geane al tige betiid it wetter op om it seil goed te setten: trimme mei alles wat wy kinne. En hjoed wurde wy holpen troch Douwe Visser, SKS-skipper fan Grou.
De start fan de earste wedstriid giet net hielendal hûndert punten. Wy lizze wat ûnder oare skippen, komme as achtste oer de startline, mar yn it earste krúsrak giet it al aardich. Wy fernimme hieltiid wer dat it skûtsje mei net tefolle wyn hurd en benammen heech rinne kin. Us wichtichste tsjinstanners lizze foar ús, mar stadichoan skowe wy omheech. Yn in magistrale gypmanoeuvre pakke wy de Singelier (oan no ta de nûmer. 1) en wy knipe ek Cees Riezebos der út. Op de streep hawwe wy it tredde plakje te pakken. Net te leauwen: krekt yn ‘e B-klasse en dan wer alle kearen op it poadium. Mar de dei sil noch moaier wurde.
Middeis: wy sile in twadde wedstriid. Om't dy fan saterdei op Hylpen net trochgien is. De ôfgryslike buien dy’t oer de mar daveren doe’t de A-klassers oan ‘e gong wienen, binne fuort. De wyn is wer prachtich, de reinpakken kinne út en letter komt de sinne der by. Wy hawwe no in goeie start, yn 'e midden fan de startline. Mar de grutte klappen komme by de earste tonne. Oer stjoerboard komme wy der oan, dus wy moatte de oaren foarrang jaan. Der komme 6 oan, mei dêrby ek Jelle Talsma, de grutte konkurrint. Wy beslute yn in flits der net efter te draaien, mar oerstaach te gean. Knipe, knipe en wy skowe krekt tusken de tonne en Talsma. Wy lizze earste. Net te leauwen! De hiele wedstriid dêrnei sile wy aaklich skerp om de oaren efter ús te hâlden. En wat dogge wy it goed, wat knipe wy heech! It gat mei Talsma wurdt net lytser, de oaren komme hieltyd fierder te lizzen. By de lêste tonne komme wy der yn ien kear omhinne, Talsma net en de winst kin ús net mear ûntglippe. Wy binne earst.
De sms-kes streame binnen. Eastermar is út de skroeven, wy steane twad yn it klassemint. De flagge stiet wer op it skip. Wy kinne der nóch net by. De skriuwers geane yn it feest.
Foar útslaggen, klassemint ensfh hjir klikke. (bron: IFKS-site).
-
- Informatie
- 24 april 2024
Ea wedstrijdverslag skûtsjesilen Langwar
Na twee trainingen op de Burgumer Mar was het afgelopen weekend tijd voor de eerste wedstrijden van... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze »
-
- Informatie
- 24 april 2024
Ea wedstrijdverslag skûtsjesilen Langwar
Na twee trainingen op de Burgumer Mar was het afgelopen weekend tijd voor de eerste wedstrijden van... Fierder lêze »