De útsetter

Op de Lemsterdyk, dêr’t de wyn skifte tusken noardwest en noardeast, moast gâns in ploech Eastermarders in lyts healoere wachtsje op de start fan har favoriten. De wedstriidorganisaasje wie ek bot mei de wikseljende wynrjochting oanklaud, mar keas úteinlik foar in Olympyske baan mei de boppeste tonne oan ‘e kant fan it ir. Woudagemaal.

IMG 0106

De spanning om dizze wedstriid hinne hie benammen te meitsjen mei de posysjes fan de toppers yn it algemien klassemint nei de útslaggen fan juster. Spitigernôch spile ‘It doarp Eastermar’ dêr gjin rol yn. Fansels gienen Geale en syn ploech der noch foar om in bettere klassearring te heljen. En dat slagge yn it begjin fan dizze wedstriid osa goed, want nei de start kaam ús doarpsskûtsje as 4e om de boppeste tonne. Dizze moaie posysje koe yn ‘e folgjende krúsrekken net fêsthâlden wurde, benammen om ’t én ‘Grutte Pier’ én kampioenskandidaat ‘Jonge Jasper’ de oanfal ynsetten. Yn it foarlêste krúsrek krige ús skûtsje it oan ‘e stok mei ‘Jonge Jasper’ en dat wie sadanich dat beide skippers de protestflagge yn ’t want setten.
Yntiid wienen ús doarpsgenoaten op ‘t 6e plak belâne en hienen se klauwen om dat oant de finish sa te hâlden. Dy finish lei nei fiif rûtes yn it foar-de-wynse rek en ‘Lytse Lies’ kaam as earste oer de streek. Mei dit resultaat koe skipper Tony Brundel foar de sechsde kear de kampioenstitel op syn namme skriuwe: in rekord yn ‘e IFKS-skiednis. Uteinlik besylde ‘It doarp Eastermar’ hjoed in 7e plak en helle dêrmei wol de doelstelling fan ‘e dei: klimme yn it algemien klassemint. 

Nei dizze prachtige IFKS-wike kaam 'It doarp Eastermar' as 6e út de striid.

Snein yn 'e neimiddei om sawat 17.00 oere komt it skûtsje oan op de Komerk. 

 

klassement lijn

IMG 0061

IMG 0062

IMG 0063

IMG 0064

IMG 0065

IMG 0074

IMG 0076

IMG 0082

IMG 0097

IMG 0106

IMG 0107

IMG 0119

IMG 0121

Wat aardichheidsje oer it skûtsje en de sosiale media:

Skûtsje Ea hat op dit stuit 499 folgers op Twitter en 670 freonen op Facebook.

Op Facebook hienen wy in totaalberik fan 16.111!

Alle folgers en freonen tige tank foar it 'delen, retweeten en liken'. 

Palmares IFKS:

2007 2e   plaats C-klasse IFKS
2008 2e   plaats B-klasse IFKS
2009 16e plaats A-klasse IFKS
2010 3e   plaats B-klasse IFKS
2011 11e plaats A-klasse IFKS
2012 4e   plaats A-klasse IFKS
2013 3e   plaats A-klasse IFKS
2014 4e   plaats A-klasse IFKS
2015 6e   plaats A-klasse IFKS

Tekst: Wijbe Postma 

Foto's: Klaas Jansma/Eastermar

 

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: