In straffe wyn, krêft 5, fanút ‘e polder rjocht op ‘e snút fan ‘e meilibjende Eastermarders, makke dat it ‘sylgefoel’ ek by harren groeide. Hoe moat de bemanning fan ús doarpsskûtsje him dan field ha dêr yn ‘e Lemster baai? Yn alle gefallen wie it foar de silers net noadich om in ekstra jas oan te lûken, want de striid op ’t wetter mei benammen ‘Striidber’ (Siebo Zijsling) wie fûleinich genôch om waarm te bliuwen. It einresultaat fan al dat wrotten wie plak 4 foar ús favoriten.

De start fan ‘it doarp Eastermar wie wer goed en skipper Geale Tadema slagge der de earste rûte yn om as 4e om de boppeste tonne te gean. De wedstriidkommisje soarge foar wat ûndúdlikens troch earst in falske start oan te jaan foar ‘Emanuel’ (Merijn Olsthoorn) en dy konstatearring net om te setten yn in strafrûntsje. Gefolch wie in earste posysje foar dit skip en in dei-oerwinning. Achter dizze Gordyksters waard om bar fan ‘e posysjes 2, 3 en 4 wiksele troch earderneamde ‘Striidber’, ‘Ut en Thús (Floriaan Zwart) en de Eastermarders.
Healwei de wedstriid besocht ‘Wylde Wytse’ noch mei in protest tsjin it Eastermarder skûtsje plak 4 te feroverjen, mar dêr struts de yn ’t wedstriidfjild meifarrende, skûtsjerjochter (‘umpire’) in skoatteltsje foar troch skipper Geale yn ’t gelyk te stellen.

By de finish like it fan ‘e dyk ôf oft ús skûtsje noch krekt foar ‘Ut en Thús’ oer de einstreek gie, mar dat wie – miskien wol winske – optysk bedroch. Mei it hjoed besylde 4e plak, waard troch de Eastermaroanhingers oannaam dat in 5e plak yn it algemien klassemint behelle wie. De offisjele IFKS-gegevens joegen lykwols plak 7 as einresultaat.

Teloarstelling? Nee, want de konstatearring dat der yn ‘e einklassearing 2016 fan ‘e 16 grutte A-skûtsjes tusken plak 3 en 7 mar 5,1 punt ferskil is, jout oan dat ‘it doarp Eastermar’ dit jier skoan meikomme koe en de befochten posysje yn ’t linker rychje folslein terjochte is.
En... dat dy beskôge wurde mei as in beleanning foar 10 jier prima skipperswurk fan Geale Tadema en de grutte ynset fan syn bemanning.

Wolfertsjinne lokwinsken oan de nije IFKS-kampioen: ‘De Zes Gebroeders’ (Klaas Kuperus/Makkum).

ABA 8502

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: