eind uitslag IFKS 2014

vlaggen

In ôfdijer

Dan wrotte jo der tsjinoan om it iten op 'e tiid klear te krijen, jo stowe nei De Lemmer, sykje dêr in parkearplak, sjouwe mei doarpsflagge en klapstuoltsje yn in sânstoarm, dy't jo suver straalt, rjochting dyk fan 'e Lemsterbaai en dan... "gean mar wer werom, want it giet net troch!" Dan tankje jo de wedstriidkommisje út 'e grûn fan jo hert foar dizze – lykwols tige terjochte! – beslissing.

windlemmer

Want dat der net syld wurde koe wie foar eltsenien dúdlik: in wynkrêft 6 mei pûsters nei 7 makke dat de feilichheid fan minsken en materiaal net garandearre wurde koe en dan kinne jo mar ien ding dwaan en dat is ôfblaze. Dêr ha wy yn Eastermar ek wol wat ûnderfining mei...

DSC08016

Op 't folchskip 'De Gulden Belofte' wie men it der folslein mei iens dat it ôflaskingsbeslút naam wie. "Mar", sei skipper Geale Tadema, "wy, en de nûmers 5 en 6, hienen der noch wol foar sile wollen. Mar, hawar, it waar kinne wy net stjoere." 
Alles oereidzjend kin dizze IFKS-wike as suksesfol bestimpele wurde: einige as 4e yn 't algemien klassemint mei in prachtige dei-oerwinning op Sleat. It ferbliuw op it folchskip fan Bertil Vermeulen en Ibora Zant wie foar bemanning en gasten wer perfekt en de sponsors ha op freed ek in moaie dei hân.

DSC08018

As gefolch fan in mienskiplik beslút fan stiftingsbestjoer, eigenaren en bemanning sil de ynkomst fan 'it doarp Eastermar' snein net mei 'toeters en bellen' wêze: bemanning en oanhang komme yn 'e neimiddei op 't gewoane lisplak oan en ha in neisit yn Meerzigt.

Foto's: Rob Krimpenfort

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: