De Sleattemer Mar hie foar de grutte A-float in soad ferrassingen yn petto. Troch de skiftsjende wyn wienen der nochal wat skippers dy’t de protestflagge foar ’t ljocht hellen. It talrike publyk op ‘e wâl en in hiele ploech Eastermarders op it folchskip ‘Gulden Belofte’ wienen dêr tsjûge fan.
By de start keas it grutste part fan ‘e skippers foar de bakboardslach rjochting de boppeste tonne, mar ‘Jonge Jasper’ (Froukje Osinga) en ‘it doarp Eastermar’ Geale Tadema) gienen oer stjoerboard de striid oan. By dy boppetonne kamen de bakboardskûtsjes better út mei as earste ‘Wylde Wytse’ (Sikke Heerschop). Dizze skipper bleau foaroan en waard hjoed nûmer 1.
By in fraachpetear op Omrop Fryslân neamde Sikke de wyn dêr’t gjin staat op te meitsjen wie. Dat wie ek de reden dat der yn ’t middenfjild noch wolris skeel ûntstie oer de keazen farwizen. Sa hie ‘Emanuel’ (Merijn Olsthoorn) in protest tsjin ús doarpsskûtsje. Nei de wedstriid ha beide skippers meimekoar praat en de bylden dy’t fan de probleemsituaasje beskikber wienen, besjoen. Dat oerlis hie ta gefolch dat Merijn syn protest tsjin Geale net trochsette oant yn de protestkeamer. Sa kin it dus ek...
By it skriuwen fan dit ferslachje binne in trijetal oare protesten noch yn behanneling en dat giet benammen tusken skippers dy’t der yn ‘e deiklassearring én yn it algemien klassemint better foarsteane as ‘it doarp Eastermar’. Dêrom is it 9e plak fan hjoed en it 10e yn it algemien klassemint net wis. Der soe bêst noch in better plak útrûgelje kinne. Fansels is dat bekend as moarn it startskot om 14.30 oere by Ychtenbrêge klinkt. It moaiste plak om de wedstriid dêr te folgjen is by it gemaal.
Lêste nijs 22.55 oere: Eastermar stiet troch de útslaggen fan de protesten no op nûmer 8 yn it deiklassemint. Yn it algemien klassemint skoot Eastermar dêrtroch ek in plakje omheech nei it 9e plak.
it
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 05 april 2024
Doop skûtsje de Broekophâlder
De Broekophâlders nodigen u van harte uit voor de doop van het skûtsje op 21 april a.s om 14.00 uur!... Fierder lêze »