Sile yn ‘e achterein, ’t bliuwt wennen
As it op ‘e startline in drokte fan jewelste is en by de yndringtonne de boel blokkeard wurdt, is it osa ferstannich en nim dêr wat ôfstân fan. ‘It doarp Eastermar’ die dat en kaam dêrtroch wat let oer de startline. Dêr die bliken dat fan dizze situaasje ek foardiel te heljen is en dat dienen de ‘Lytse Lies’, ‘Jonge Jasper’ en ‘Emanuel’.
Op syn thúswetter pakte 'Lytse Lies'-skipper Tony Brundel daliks de kop en joech dy net mear út hannen. Hy koe oanfallen fan Froukje Osinga-Meijer fan de ‘Jonge Jasper’ goed ôfslaan en hâlde ek ‘De Jonge Jan’ fan Jelle Talsma op ôfstân.
Yn ‘e achterein die ús doarpsskûtsje alle war om de oprûne achterstân fan de start yn te heljen. By dat stribjen waarden se wol wat holpen troch in hurde konfrontaasjes tusken foarlizzende skûtsjes. Skipper Geale Tadema en syn ploech hâlden har dêr fier fan en rûnen sa ek net it risiko it wedstriidwetter ferlitte te moatten. Dat lot trof ‘De Zes Gebroeders’ – de winner fan juster – wol. Stadichwei koenen de Eastermarders fan plak 12 ynrinne nei it 10e en úteinlik 8e plak.
Yn de lêste meters foar de finish waard der noch fûleinich om dat 8e plak striden mei Jeroen de Vos syn ‘Eelkje II’ en foelen de finishskotten mei in tuskenromte fan mar ien sekonde. Foarearst hâlde wy it dus mar op it 8e plak.
Moarn nei de Sleattemer Mar.
Middeisbrochje foar de bemanning
Timme Koudstaal, ús nije trimmer
Foar fertrek oerlis yn de spielende rein
Op it folchskip ek in sop-en-bôlemiel foar de gasten en oanhing fan de bemanning. En in skûtsjepool ûnder tafersjoch fan Jildau Zweering
Op nei de ôffeart, op 'en paad holpen troch de byboat fan 'De Gulden Belofte'
Hjoed gjin gebrek oan fotografen
De start fan Ea wie net sa gelokkich
Dêrnei striid om elk heger plak
By de hege tonne der boppe-op yn 'e achterfolging
Der wie in op-en-del-baan útset mei twa 'gates'; hinne heech oan 'e wyn en werom foar de wyn
Sa as alle jierren in moaie sportive striid mei Sikke Heerschop
De 'Lonneke'-bemanning is dúdlik oanslein nei't de Makkumer 'Zes gebroeders' in oanfarring feroarsake
Oan 'e ein noch hieltyd op 'e siik nei in heger plak
Ea foar de Yndyk by Wâldsein dêr't de striid ek goed te folgjen wie
Letterlik yn tsjokwaar by de hege tonne
Mirthe (dochter fan Geale en Ineke) folget de striid oandachtich
Oankomst mei mingde gefoelens: it hie better kinnen mei in bettere start. Nei ôfrin kontrôle fan de technyske kommisje fan de IFKS
Neisit bemanning mei famylje en gasten
Tekst: Wijbe Postma
Foto's: Rob Krimpenfort
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 02 december 2023
Eastermar is...
...in twadde doarpsskûtsje: de Broekophâlder. Fierder lêze »