Krékt net...
It ferskil wie fan 'e kant ôf net te sjen en ferskeidene Ea-supporters sprongen al in gat yn 'e loft om't it derop like dat 'it doarp Eastermar' hjoed de winner wie. Mar... op de lêste fyftich meter moasten skipper Geale Tadema en syn bemanning dochs Arend Wisse de Boer ('De 3 Gebroeders') èn Sikke Heerschop ('Wylde Wytse') foargean litte. Of, sa't Geale yn in fraachpetearke op Omrop Fryslân sei: 'It slagge ús krekt net.'
En dat wylst ús jonges al in moai skoft op it earste plak leinen. Dat behellen se benammen yn it twadde foar-de-wynse rak, want doe dreaunen hja mei in hiel licht sigentsje moai foarby Sikke Heerschop.
De start fan dizze wedstriid op 'e Hegemer Mar wie ek goed, want mei in bytsje wyn sylden de Eastermarders as twadde, achter Sikke Heerschop om de boppeste tonne. Letter kaam der mear wyn en pakte ús doarpsskûtsje it earste plak en like it wis fan 'e deipriis.
Siet juster it fenyn yn 'e start mei diskwalifikaasje as resultaat, no siet it yn 'e finish troch it merakels tûke silen fan de Gerdyksters en Rotterdammers. Wol wurdt mei dit resultaat de rare smaak fan 'e 17 punten fan juster wat minder en sjocht de algemiene klassearring der mei in 6e plak hiel wat better út.
Tekst: Wijbe Postma
Foto's: Rob Krimpenfort
-
- Informatie
- 24 april 2024
Ea wedstrijdverslag skûtsjesilen Langwar
Na twee trainingen op de Burgumer Mar was het afgelopen weekend tijd voor de eerste wedstrijden van... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze »
-
- Informatie
- 24 april 2024
Ea wedstrijdverslag skûtsjesilen Langwar
Na twee trainingen op de Burgumer Mar was het afgelopen weekend tijd voor de eerste wedstrijden van... Fierder lêze »