gewonnen

Prachtich 3e plak

Saterdei yn Hylpen gjin wyn, hjoed by Starum genôch. Mear as genôch sels. In prachtige silerij ûnder ideale omstannichheden en in fantastysk resultaat: in 3e plak!

DSCF6529
Flak foar de finish

By de start hie Eastermar net in goede posysje. As 9e kaam 'it doarp Eastermar' om de boppeste tonne.
Yn de twadde rûte sylde ús skûtsje skerp oan 'e wyn, helle trije skûtsjes yn en dus in 6e plak. Om't de wyn wat weifoel waard de rûte troch de organisaasje ferlein en dat wurke yn 't foardiel fan de Eastermarders. De 'nije' boppeste tonne koenen se doe as 3e besile. Dy posysje waard oant de finish fêsthâlden.

Foar skipper Geale en syn bemanning in resultaat dat der wêze mei.
Moarn op nei Heech.

klassement

DSCF6440
Om 12.15 oere hinne begûn it ynsilen.

DSCF6460
Op 'e rige foar de start.

DSCF6464
De Lemster 'Frisia' ynhelle.

DSCF6470
Yn in sterk fjild fan it 9e fia it 6e nei in 3e plak.

DSCF6480
Jilles Bandstra en Lucas Bouma wurde foarbystutsen.

DSCF6484
De rappe Raerder Roek koe ús ek net hâlde.

DSCF6516
Siebo Zijsling moast dêrnei belies jaan.

DSCF6520
Foarich jier hienen wy wol oan Sikke Heerschop.

DSCF6524
Striid by de boppeste tonne.

DSCF6529
Foar de wyn op nei de finish.

DSCF6531
Eufoary.

DSCF6539
Heit Hindrik Tadema út 'e skroeven.

DSCF6542
De Fryske flagge yn top: in 3e plak.

DSCF6544
Neiprate mei supporters.

IMG 20150803 182722639
Priisútrikking.

IMG 20150803 182832036
Dat jim it mar witte!

Tekst: Wijbe Postma

Foto's: Rob Krimpenfort

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: