Freedtejûn is ús Eastermarder skûtsje op in âlderwetske wize troch in skipsjager (Auke Winters út Smilde) mei Linda, syn hynder, fan de Burgumer Mar fia de Lits binnen helle. Op de Komerksteiger en op de wâl by Foppe Antonides wie in protte publyk oanwêzich om dit 'barren' mei te meitsjen. Doe't it Eastermarder skûtsje by de steiger oankaam, wie der wurdearring fan it publyk yn de foarm fan in grut applaus.
Skipsjager Auke Winters en syn dochter begeliede Linda, it hynder. Auke Winters is op dit stuit de iennige offisjele skipsjager yn Nederlân.
It publyk op 'e Komerksteiger wachtet it skûtsje op
Ek de 'Gaasterland', de salonboat dy't mei opstappers de wedstriden bywenje sil, kaam om dyselde tiid yn Eastermar oan. Op de achtergrûn it skûtsje fan Jelle Talsma (de Poep) fan Warten mei in nij seilteken.
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »