Oare wike freed (13/07) is de straler klear mei de romp fan it skûtsje fan Eastermar. Yn it wykein dêrnei sil it skip, mei help fan in protte frijwilligers, yn ien wykein yn 'e ferve set wurde. Wannear 't alles neffens de planning ferrint, dan giet it skip moandei 16 july yn it wetter en kin it fierder opboud wurde.

De bemanning foar de wedstriden is rûn. De helte fan de 14 koppen is Eastermarder.

Op de foto's is de oankomst by de straler te sjen en fierder de fok en it grutsyl, dat fan Grou oernommen is. It is ek noch it doel om in fok en grutsyl fan de Jouwer oer te nimmen.

Image

Image

Image

Image

Image

{easycomments}

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: