Promoasje nei de IFKS A-klasse: dat is sa njonkenlytsen wol bekend. Mar 'it doarp Eastermar' hat justerjûn by de priisútrikking op 'e Lemmer ek nochris de neikommende prizen yn de wacht sleept:

-Winner fan it sprintklassemint yn de B-klasse

-Winner fan de kultuerpriis fan de provinsje fanwege û.o. de nije, mar orizjinele, roefbetimmering. En dat smyt € 500,- op!

Lês it ferslach op Nijsnet mei û.o. in prachtfoto fan skipper Geale Tadema.

En no 't wy it dochs oer winners hawwe... Spitigernôch hat de lêste skûtsjepool gjin winner opsmiten. Alle meidoggers hienen de prestaasje better as it sechsde plak. Hawar, de pool wie in súkses. In protte minsken hiene der aardichheid oan om mei te dwaan. It oare jier sil nei alle gedachten wer sa'n pool organisearre wurde. Mei tank oan Studio Staalkaart foar it leverjen fan de technyske omballingen.

winner sprintklassemint
Winner sprintklassemint (Foto Rob Krimpenfort)

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: