As men tocht dat ús Ea-skûtsjemannen en –froulju nei de suksesfolle IFKS-wike har deljaan koenen, dan is dat in misfetting. Skûtsje en bemanning hienen dêrnei noch in rol by it ‘Easterbarren’, hja ha mei de skoalferlitters fan ‘Balsemyn’ en ‘Bolster’ in syltocht makke en ha mei de donateurs in moaie jûn skûtsjesyld op ‘e Mar. Dêrneist is der ‘ploechjesyld’ en hie ‘it doarp Eastermar’ noch meidwaan sild oan trije wedstriden: Heech, De Friese Hoek (de Lemmer) en de Roekoepolle Race (Snitser Mar). Fan dizze trije is allinnich de wedstriid by Heech trochgien, want foar de beide lêste wedstriden stie der tefolle wyn.

Dan moast saterdei 28 oktober it skip echt ‘winterklear’ makke wurde. Dat hâldt yn dat der in mêstwiksel plakfynt en dat swurden, gyk, túch, ferstaging en roer yn opslach gean foar ûnderhâld en opkreazjen. It meast spektakulêre ûnderdiel dêrfan is wol de mêstwiksel. De wedstriidmêst, 19 (!) meter lang, wurdt op de Snakkerbuorren fan ’t skûtsje takele en moat mei in spesjale frachtwein nei De Gerdyk (H.G. Broersma, Masten) brocht wurde. Foar dy mêst yn ’t plak komt dan de ‘âlde’ mêst dy’t simmers by Bouwe de Jong (Sumarderwei) bewarre wurdt. Dy wurdt mei in troch Metalis fabrisearre ridende ‘bok’ fan de Sumarderwei nei de Snakkerbuorren brocht.

 skutsje nei de winteropslach 2017

By de foto: Bûtengewoane belangstelling foar convoi exceptionel

By al dizze aktiviteiten is help fan Eastermarder bedriuwen needsaaklik en dy help wurdt romhertich bean. Leanbedriuw Sj. Veenstra fan ‘t Wytfean wie ree ta it helpen by it takelwurk en foar it ferfier nei de Gerdyk koe in berop dien wurde op it ridend ark fan de Combex, mei sjauffeur Wiebe Hogendorp. Dizze help wurdt troch bemanning, eigenaren en Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES) o sa op priis steld.

skutsje snakkerbuorren 2017

By de foto: Drokte op Snakkerbuorster opslach

De lêste drokte fan dit jier op ’t skûtsjemêd is it oanbringen fan de ljochtsjes troch de ljochtmaster en it stiftingsbestjoer. Dat sil ein novimber dien wurde. Op dy wize krijt it ynkommen fan ús doarp by de brêge yn tsjustere dagen wer in fleurich oansjen.
Dy fleur kin noch grutter wurde troch de kommende wynaksje 2017 fan SIES te stypjen… Mar dêr hearre jim noch wol mear fan.

Wijbe Postma,
út namme fan it SIES-bestjoer

logo eastermarder skutsje

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: