Yn ‘e sportrubryk dy’t alle wiken by Omrop Fryslan TV op freed nei ‘Hjoed’ komt, sil skipper Geale Tadema fan ús doarpsskûtsje freed 3 maaie oan ’t wurd. Tegearre mei kollega-skipper Douwe Visser fan Grou sille hja werom- en foarútsjen nei it kommende seizoen.

Dat sil Geale fansels dwaan as IFKS-dielnimmer, wylst de Grouster skipper dat docht fanút de optyk fan ‘e SKS. Beide witte dat de ferwachtingen heech lizze. Dat is no ien kear it lot fan in kampioen. De siswize ‘kampioen wurde is swier, mar kampioen bliuwe is wol sa dreech’ is hjir foar beide fan tapassing.

Fansels binne wy as doarpsgenoaten benijd nei wat de skipper fan ‘it doarp Eastermar’ freed te melden hat. Dus freedtemiddei 3 maaie om 17.00 o. allegearre foar de ‘buis’.

geale tadema
Geale Tadema

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: