It hie fannemiddei wat fan in wûnderbaarlike ferrizenis: nei de minne wedstriid fan juster koenen bemanning en supporters hjoed jûchheie, springe en dûnsje fanwege it beheljen fan ‘e dei-oerwinning. Wat smakke dat alderhearlikst! Noch nea hat in 'slach-by-de-dyk-lâns' triomfantliker west as fannemiddei. Temear om’t de silerij fan Lemmer 2 hjoed bewiisde dat ‘it doarp Eastermar’ alle oaren treast is.

lemmer2
It momint dat Henk Regts yn de fout gie, hy liet syn gyk boppe it Eastermarder skûtsje komme en dat mei net

De basis foar dit geweldige deiresultaat lei ‘m yn ‘e start. It like derop dat der wer in massale falske start plakfûn hie, mar noch gjin heale minút letter waard dúdlik dat der gewoan trochsyld wurde koe. Skipper Geale hie syn startposysje sa keazen dat er mei ien lange stjoerboardslach sadanich heech troch de wyn koe dat de boppeste tonne oer bakboard oan te silen wie. Dat slagge sa bêst dat er as earste om dy hege boei hinne gie en de ‘Striidber’ (Siebo Zijsling), ‘Lytse Lies’ (klassemintslieder Tony Brundel) en ‘Ut en Thús (Henk Regts) achter him hâlde koe.
It entûsjasme by de supporters op de dyk wie troch dit gegeven al sa grut dat de ‘wave’ ynset waard. Alle kearen dat der wer in tonne befearn waard – de Ea bleau hieltiten mar foaroan – gie der wer in gejuich op.

It gie sa bêst mei ús jonges dat hja yn ‘e foarlêste rûte in foarsprong fan krapoan 100 sekonden op achterfolger Henk Regts opboud hienen. Mar doe kaam, yn ‘e lêste rûte foar de finish, it spul echt op ‘e wein. Mei syn ‘Ut en Thús’ besocht Henk Regts yn it krúsrak nei de boppeste tonne mei in pear slaggen terrein te winnen. Us doarpsskûtsje besocht mei ferdigenjend silen dizze oanfal te kearen. Gefolch wie wol dat by it rûnfarren fan de tonne de foarsprong fan ús doarpsskûtsje ferlytse wie nei 25 sekonden! Spanning op de dyk! Koe in sa wis lykjend earste plak noch ferlern gean?!?

It like der al op doe’t yn ’t foar-de-wynse rak de ‘Ut en Thús’ op ‘it doarp Eastermar’ ynrûn. Skipper Geale besocht Henk Regts syn koers te beynfloedzjen en dat slagge. By it parearjen fan dizze Ea-oanfal makke de ‘Ut en Thús’ in fout en dat smiet in protest fan de kant fan ús skipper Geale op, sjoch de foto fan Eit Jonkman hjir boppe. Eins hie Henk Regts doe al in strafrûntsje farre moatten, it like ek of soe er dat dwaan, mar nee. Hy stelde it út oant flak by de finish. Sa koe er syn tredde plak yn it algemien klassemint hâlde en helle Geale Tadema de protestflagge krekt foar syn glorieuze finish út it want. Wat in fantastysk spannende en senuwslopende finale!
Der wie in twadde plak foar de ‘Lytse Lies’, sadat Tony Brundel de kampioen fan dit jier waard, de ‘Ut en Thús’ waard noch tredde , mar… ‘it doarp Eastermar’ wûn dizze lêste wedstriid fan in sensasjonele IFKS-wike en lei dêrmei beslach op it fjirde plak yn ’t algemien klassemint 2012.
Ea in winner!

tweet

Der falt foar elkenien moarntemiddei by de thúskomst fan ús doarpsskûtsje – de planning is dat skip en bemanning om +/- 16.00 oere op De Komerk oankomme – dus wat te fieren en nei te praten by in drankje en in hapke/barbecue yn hotel Meerzigt.

ABA 7392

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: