It wie op de Lemmer in soad. In soad misken op de dyk,  in soad minsken op de folgboat De Gulden Belofte en ek in soad falske starten. Om mei dat lêste troch te gean: der hong op it lêst by it startskip in swarte flagge en dat betsjut dat eltsenien dy't te betiid oer de line giet, út de wedstriid moat. Dat witte jo foarôf. Mar der wienen sa'n soad skippen te betiid troch de startline dat de wedstriidkommisje in beslissing naam as nea earder: der kaam in tredde start. Goed foar de wedstriid, mar min foar de Ea. Dy hie twa kear in moaie en dus gjin falske start, mar lei by de tredde start folslein ferkeard. Ûnderyn, útskyten wyn. As ien nei lêste by de earste tonne en dernei in pear slagen dy't net goed útpakten. Wol in pear plakken opskôwd, mar as 11e oer de finish. En dat is wat bemanning en supporters net tocht hienen: oant no ta altiid sa kreas foaryn. Mar it goeie nijs: degradaasje is net mear mooglik. Wy bliuwe yn de A. En moarn op Lemmer 2, wêr wy nei ferliene jier wat goed te meitsjen hawwe,  wer folop yn de striid.

P1150283
Oprop fan de skipper: hy docht syn bêst om snein omtrint 16.00 oere op de Komerke te wêzen foar de yntocht , mar hy kin pas om 9.00 oere troch de slûs fan de Lemmer. It kin dus krekt wat letter wurde yn Eastermar. Mar ach: it is moai waar.

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: