10 augustus: 'Ea' feroveret wer in poadiumplak. Op 'e Hegemer Mar, by in 'dikke fjouwer' wat 'e wyn oangiet, einige 'it doarp Eastermar' fannemoarn op in swier befochten tredde plak. Yn in prachtige en spannende race kaam skipper Geale Tadema mei syn bemanning nei in ridlike start as sechsde om 'e boppeste tonne. 

Heech_DSC_0092

Yn 'e folgjende rûte fan 'e op-en-del-baan mei by de leechste twa tonnen in 'gate' hellen hja trije konkurrinten yn. Dat wie net maklik, want der stie in bêst stik wyn en ús doarpsskûtsje lei geregeldwei op ien ear. By ien pûster moast 'alles los', want oars wie it skip omgien en hie ús ploech yn 'e knobbelige mar steande drinke kinnen. De ynspanningen wienen dus net om 'e nocht want it sa behelle tredde plak waard fêsthâlden oant it lêste krúsrak rjochting finish. Yn dat lêste stik besochten ús 'matjedoaren' de nûmer twa noch yn te heljen mei in ferrassende slach skerp oan 'e wyn, mar dat slagge op trije skiplingten nei spitigernôch net. Oant it lêst dus in moaie silerij! Op it folchskip wienen it applaus en de lokwinsken foar dizze prestaasje folslein terjochte: foar de twadde kear in poadiumplak helje is in resultaat dat besjen lije kin.

Heech_DSC_0050

Yn it algemien klassemint stiet de Ea no ek op it tredde plak. In plak dat sicht jout op promoasje nei de A-klasse. Dat ús skûtsje diskear net de supporters lâns de wâl groete hat, siet yn it feit dat in spesjale kommisje daliks nei de wedstriid it skûtsje beoardielje woe op orizjinaliteit. Wy binne benijd hoe't dat útpakt, om't de eigenaren yn 't winterskoft nochal wat tiid, enerzjy en materiaal oan dit aspekt bestege ha. Sa is bygelyks it roefke op in kreaze en oarspronklike wize ynrjochte. De útkomst fan 'e keuring sil meikoarten meld wurde kinne. Wijbe Postma

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: