De kommende wiken kinne Eastermarders wer in fertsjintwurdiger fan Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' oan de doar ferwachtsje, want it is wer tiid foar de wynaksje. Dit jier is it al de seisde kear.

Oan de prizen is neat feroare: de wyn kostet € 7,50 de flesse - read, wyt of rosee - en in doaske fan seis flessen (mei eventueel twa fan elke soart of in oare kombinaasje) kostet € 40,--.
Foar de echte wynpreauwers: de reade wyn is deselde as foarich jier. Dy befalt poerbêst, dus dêr is neat oan feroare. Ek net oan de rosee. De wite wyn is ferfongen troch in bettere, neffens de kenners.

Binne jo gjin wyndrinker, dan kin it dochs noflik wêze om in aardige flesse yn 'e hûs te heljen. Sa'n flesse skûtsjewyn kin ommers ek aardich wêze om ris kado te jaan.

Dus minsken, slach in goeie rie net yn 'e wyn
en bestel in flesse of in doaze skûtsjewyn!

Wiene jo net thús of kamen wy net by jo del,
mail dan jo bestelling nei skutsje@eastermar.nl.

wijnactie2012

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: