Ofrûne winter hat de Stifting 'It Eastermarder Skûtsje' drok dwaande west mei in wynaksje. Dat wie foar de twadde kear en sa liket it der op dat dit in jierlikse tradysje wurdt.
Bemanning en bestjoersleden hawwe yn en om Eastermar hinne by de streek west om bestellingen foar flessen  skûtsjewyn op te nimmen en hawwe letter, moai op tiid foar de krystdagen, it bestelde útsutele.
Hoewol 't der guon Eastermarders wiene dy 't de flesse fan 2008 noch te pronk stean hienen, binne der flink wat flessen ferkocht: 1250 stiks! Wat dat oanbelanget wit Eastermar hiel goed út hokker hoeke de wyn komt.

Opbringst
De ferkeap fan al dy wyn hat aardich jild op it kleed brocht. Dat is moai want it doel is dat it skûtsje dit jier mei in nij túch de wedstriden farre sil. Troch de wynopbringsten en de ynkomsten fia sponsors en donateurs kin de stifting garant stean foar twa-tredde fan de kosten. It nije túch wurdt makke by Molenaar fan Grou.

Wie it skûtsje dan oan in nij túch ta?
It ôfrûne jier hat eltsenien sjen kinnen dat it skûtsje net rjocht meidwaan koe yn de IFKS A-klasse. Ien fan de redenen wie it feit dat Eastermar, yn tsjinstelling ta oare skûtsjes, mei in âld túch fear. Dit kaam de prestaasjes net te’n goede, alhoewol't der fansels ek oare redenen oan te wizen binne. In nij túch kin dêr feroaring yn bringe. Dizze oankeap stiet lykwols net garant foar bettere resultaten, dat hawwe wy sjen kinnen oan de degradaasje fan it skûtsje fan Sieb Meijer (Jonge Jasper).  Dit skûtsje hie yn 2009 ek in nij túch en in nije mêst.
It kommende seizoen wol skipper Tadema mei syn bemanning der lykwols alles oan dwaan om de wedstriden yn de B-klasse ta in súkses te meitsjen.

Hawwe jo de wynaksje mist mar is der wol ferlet fan nije foarried? Dan kinne jo terjochte by grientespesjalist Hamstra. Jo hawwe de kar tusken read, wyt en rosé.
Tsjoch!

wyn-ynt-seil
Eastermar hat de wyn wer yn de seilen

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: