Takom sneon sil op de Eastermarder merk in ynformaasjediske fan St. 'it Eastermarder skûtsje' stean op 'e hoeke fan de E.M. Beimastrjitte en de Lytse Teye Tolstrjitte.

Men kin by dit diske foar twa wichtige saken terjochte:

  • Opjaan donateurskip
    Wannear't jo op de Eastermarder merk donateur wurde fan St. 'it Eastermarder Skûtsje' meitsje jo kâns op in ballonfeart! De winner fan dizze dei wurdt troch lotsjen keazen. Sjoch hjir foar de details fan it donateurskip fan SIES.
  • Foklûke
    Krekt as foarich jier kin men wer foklûke, mar dit kear giet it net allinne om de wikselbeker. De winner kin ek fergees mei de ballonfeart mei en kriget der ek noch in flesse skûtsjewyn op ta!
    Dus de kommende dagen thús flink traine en sneon ús diske opsykje en meidwaan. Ek jo binne Ea in winner!

Win in ballonfeart

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: