Ofrûne saterdei hat in ploech ‘hurdkuters’ it doarpsskûtsje wer optúgd mei de winterferljochting. Op Twitter wie al in moaie foto te sjen: ljochtmaster Oebele Brouwer en syn helpers ha eare fan har wurk!

De waarsomstannichheden wienen yn ’t wykein lykwols sadanich dat de stroom fan ‘e lampkes ôfhelle wurde moast. Dizze previnsjemaatregel koe net foarkomme dat de stoarm dochs skea oanbrocht hat oan ‘e pitten. Om koartsluting foar te kommen sil no earst op rêstiger waar wachte wurde. Oant salang baarnt allinnich it seilteken Ea, om’t dat minder kwetsber is.

No’t it dochs oer wyn en ’t skûtsje giet: de wynaksje fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES) sil ek wer los. Under de wjukken fan ús supermerk ‘Alles ûnder ien dak’ komme de bestjoers-/bemanningsleden en oare frijwilligers tusken Sinteklaas en de krystdagen wer by jo lâns om jo bestelling op te nimmen en wat letter ôf te leverjen. It is moai dat Sjouke & Sippie fan ús doarpswinkel wer meiwurkje wolle oan dizze nije opset, want oars koe SIES dizze aksje net hâlde. Top!

Om ta in goede kwaliteit te kommen hat in priuwkommisje syn bêst dien om trije smaaklike soarten wyn út te kiezen. De reade en wite (biologyske) wyn komme út Spanje (sil Sinteklaas oanstean!) en it binne resp. Bio Tinto Tempranillo en Bio Blanco Arien. Dit jier is der ek wer rosee te keap. Dy komt út Súd-Afrika. De wyn kostet krekt as foarich jier € 7,50 de flesse en in doaze mei 6 flessen docht € 40,-. Dus… gjin ‘trendmjittige ferheging’.

Lekker by in ‘goed gesprek’, by it krystmiel mar ek poergeskikt om kado te jaan! 

DSCF0050

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: