Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' stiet mei in diske op de Eastermarder merk. By it diske kinne jo ynformaasje krije oer de foardielen dy't it donateurskip fan de Stifting opsmyt. Der binne ek aardige saken te keap lykas skûtsjewyn, spesjale koarkelûkers en polo's mei it logo fan de Stifting.

Mar om't skûtsjesilen in aktive sport is, kin ús fertsjintwurdiging op de merk net sûnder aksje. Wy wolle der net te folle oer sizze, mar it komt der op del dat jo mei gewichtige saken oan de gong kinne. Der falt fansels ek wat te winnen.
Dus kom sneon even del, jo kinne ús fine op de hoeke fan de Lytse Tije Tol en de E.M. Beimastrjitte!

logo-skutsje

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: