maaie2009-thumbDe maitiidsedysje fan de nijsbrief fan St. it Eastermarder Skûtsje is op 14 maaie ferstjoerd oan alle donateurs.
Binne jo wol donateur mar hawwe jo gjin nijsbrief krigen, sjoch dan earst even yn 'e spamboks fan jo e-mailprogramma. Is er dêr ek net te finen, meld dit even op skutsje@eastermar.nl. Dan sjogge wy even wat der mis gien is.

De nijsbrief stiet fol aardige ynformaasje oer it Eastermarder skûtsje, de jieraginda, de moaiste plakjes om de wedstriden te besjen, ynterviews en foto's fansels.

Nije donateurs binne tige wolkom en krije fansels ek dizze nijsbrief yn de mailboks.

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: