Op sneon 28 juny waard by de feestlikheden fan it doarpsfeest it earste kampioenskip fokhisen hâlden, organisearre troch de bemanning fan it Eastermarder skûtsje yn gearwurking mei Stifting it Eastermarder Skûtsje.

Spesjaal foar de gelegenheid hie it skûtsje oanlein oan 'e Snakkerbuorren. In fertroud plak want eartiids wie dit ek it oanlisplak foar skûtsjes yn it doarp. Troch dat it flink waaide wie it hisen fan de fok troch de dielnimmers (manlju en froulju) dreech wurk. Lykwols seagen de ferskillende feestgongers der in moaie útdaging yn en kaam de fok fan 'it Doarp Eastermar' dizze dei ferskate kearen omheech. Winner by de froulju wie Hester Brouwer, suster fan bemanningslid Ale Brouwer. Henk van Kammen fan Burgum hie by de manlju it gaust de fok omheech. Beide koenen mei in wikselbeker op hûs oan.

fokhijse1.jpg

De Stifting wie op 'e merk fertsjintwurdige mei in eigen diske. Mei it útbringen fan in offisjele skûtsjefolder koenen ferskate besikers fan it doarpsfeest ynteresearre wurde foar it dwaan en litten fan de Stifting. Gefolch is dat it tal donatuers al wer groeid is. De Stifing hopet dit jier de twahûndertste donateur ynskriuwe te kinnen.
Meikoarten nijs oer wêr't de nije T-shirts mei de slogan 'Ea in winner' dizze simmer ferkocht wurde sille. De slogan is optocht troch foarsitter Wijbe Postma.
fokhijse2.jpg

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: