DSC09284

De spanning wie te fielen en te snijen by de fokhysynstallaasje neist it diske fan de
Stifting 'It Eastermarder Skûtsje'. De kampioenen fan ferline jier by froulju en manlju,
resp. Sjoukje de Graaf en Johan Snip, ferdigenen harren titel mei alles wat se yn har hienen, mar hja moasten belies jaan.

IMG 20150627 122542326

It ferskil by de dames wie dúdlik yn sekonden ôf te mjitten. By de manlju moast it op ien hûndertste (0,01!) útmakke wurde. Koartsein komt it der op del dat de kampioenen fan 2015 Marieke Bron-Proper mei 8,90 sek. en Klaas Zuidersma mei 4,34 sek. binne. Marieke koe de kampioenstrofee yn 'e feesttinte yn ûntfangst nimme. Om't Klaas oare drokten hie hat hy de beker thúsbesoarge krigen.

IMG 20150627 154542907

Yn de kategory jeugd (basisskoallebern) waard de fok yn in toptiid fan 10,72 sek. omheech skuord troch Ferris Boestmie. In oanstoarmjend talint!

IMG 20150627 090947001 HDR

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: