In pear wiken ferlyn hat in ploech 'hurdkuters' it doarpsskûtsje wer yn 'e 'winterstân' brocht. Mei help fan leanbedriuw Sj. Veenstra fan 't Wytfean en sjauffeur Jan Schotanus fan transportbedriuw Combex hat de mêstwiksel plakfûn en binne de ûnderdielen dy't jierliks ûnderhâld fergje - de wedstriidmêst, de swurden, it roer, ensfh. - nei it 'lakhok' op 'e Opperkoaten brocht. Dat wol sizze: de wedstriidmêst is nei de Gordyk gien foar in winterbeurt. Ljochtmaster Oebele Brouwer hat der doe, troch tige attint hanneljen, foar soarge dat it touwurk foar de winterferljochting fuort ek teplak hongen wurde koe. Op 24 novimber is de sfearfolle kontoerferljochting wer oanbrocht.
No't it dochs oer winter en 't skûtsje giet: de wynaksje fan 'e Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES) sil ek wer los. Under de wjukken fan ús supermerk 'Alles ûnder ien dak' komme de bestjoers-/bemanningsleden en oare frijwilligers tusken Sinteklaas en de krystdagen wer by jo lâns om jo bestelling op te nimmen en wat letter ôf te leverjen.
It is moai dat Sjouke & Sippie fan 'Alles ûnder ien dak' wer meiwurkje wolle oan dizze opset, want oars koe SIES dizze aksje net hâlde. Top! Noch mear 'TOP' is it feit dat wy dit jier mei rjocht sizze kinne dat der kampioenswyn (!) oanbean wurdt. En wa wol no net in flesse, of wat mear, fan 'e IFKS A-klassekampioen yn 'e hûs ha?
Om ta in goede kwaliteit te kommen hat in priuwkommisje syn bêst dien om trije goede soarten wyn út te sykjen. De reade en wite wyn komme út Frankryk, resp. Merlot en Chardonnay. Dit jier is der ek wer rosee-wyn (Grenache) te keap.
De wyn kostet € 7,50 de flesse en in doaze mei 6 flessen docht € 40,-.
Dus… gjin 'trendmjittige ferhegingen' en... in 'koopje' foar in goed doel!
Wijbe Postma (foarsitter)
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze »