De earste digitale nijsbrief -bedoeld foar de donateurs fan St. 'It Eastermarder Skûtsje'- is ferstjoerd. Yn dizze nijsbrief, dy 't spesjaal foar de donateurs gearstald is, wurdt û.o. melding makke fan in donateursjûn op 30 novimber yn Hotel Meerzigt.
Dizze donateursjûn hat in hiel aardich programma. Der wurdt noch ris werom sjoen nei it seizoen fan 2007 (mei ljochtbylden en kommintaar fan Geale en Douwe Tadema) én Age Veldboom fan Earnewâld is útnoege. Hy sil mei 'trekzak' en sterke skûtsjeferhalen ús nei it skoft fermeitsje. Fierder stiet de eigners fan it skûtsje noch in ferrassing te wachtsjen en is der in ferlotting fan skûtsjewyn!
Binne jo noch gjin donateur, gryp dan no dé kâns om dat noch foar 30 novimber te wurden. Jo binne dan ek foar dizze gesellige jûn útnoege!
Binne jo wól donateur mar hawwe jo gjin nijsbrief krigen? Dan kinne der ferskate saken oan 'e hân wêze:
- Jo hawwe gjin e-mailadres opjûn omdat jo dat net hawwe. Yn dat gefal krije jo in útprinte ferzje yn de bus
- Jo hawwe gjin e-mailadres opjûn, mar dat hawwe jo wol. Stjoer jo gegevens dan nei skutsje@eastermar.nl.
- Jo e-mailadres is troch in flaterke ferkeard skreaun. Mail dan it goeie adres nei skutsje@eastermar.nl. De nijsbrief wurdt dan nei it korrekte adres ferstjoerd.
- De nijsbrief is net troch jo spamfilter of it spamfilter op it wurk hinne kaam. Hjir kinne wy net folle oan dwaan. Jo sille sels aksje ûndernimme moatte.
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »