De grutste fans hiene it fansels al yn harren bûsboekje stean; freed 20 novimber sil der wer in gesellige jûn hâlden wurde foar de donateurs fan St. it Eastermarder skûtsje. Lyk as alle jierren is de lokaasje it fertroude Meerzigt.

Meikoarten sil nei alle donateurs in digitale nijsbrief ferstjoerd wurde. Yn dizze nijsbrief sil it bomfolle programma fan dizze jûn fermeld wurde. Mar ien ding kin no al ferklappe wurde! Dit jier hat it bestjoer Anne Tjerkstra ree fûn om as sprekker ús te fermeitsjen mei, nei alle gedachten, hiele aardige ferhalen út de skûtsjewrâld.
Anne Tjerkstra hat jierren skipper west yn de SKS, de lêste jierren foar Langwar. Yn 2008 is hy ophâlden as skûtsjeskipper en hat in mear advisearjende funksje. Mear ynfo yn de kommende nijsbrief.

Wynaksje
Meikoarten ek mear nijs oer de wynaksje fan st. it Eastermarder skûtsje. Foarich jier hat dit in grut sukses west en koe in part fan de nije mêst mei de opbringst betelle wurde. Dit jier kin Eastermar dus wer oan de skûtsjewyn!

Anne Tjerkstra

Anne Tjerkstra (boarne: www.leeuwardercourant.nl)

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: