Justermiddei is de 200-ste donateur fan 'e 'Stifting It Eastermarder Skûtsje' efkes yn 't sintsje set.

Utrist mei in flesse skûtsjewyn, in prachtbosk blommen fan 'e Greideroas en in foto fan 'it doarp Eastermar', reizgen Wijbe Postma (stiftingsfoarsitter) en Hindrik Tadema (mei-eigner fan 't skip) nei Twizel.

De ûntfanger fan dit moais wie Griet Nicolai - de Vries. Hja joech har ferline wike op as donateur fan it skûtsje, om 't de prestaasjes fan de bemanning har oansprutsen.

Frou Nicolai wie tige op 't skik mei de presintsjes en de suksesfolle IFKS-wike waard by in bakje kofje nochris oereide.

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: