It 19e Easterbarren stiet foar de doar. In grôtfol programma mei muzyk, dûns, eksposysjes, strjitteater, ensafh. 

Om 14.30 oere giet it los mei Bricquebec. De band dy’t syn spoaren al rom fertsjinne hat yn de Fryske popscene. 
Fan 15.00 oere ôf begjinne de 12 poadia. Mei, as altyd, wer bekende en ûnbekende nammen.
De top fan de hjoeddeiske Fryske muzyk sil optrede: Wiebe Kaspers, Mosken, Gurbe Douwstra, Inez Timmer, Gerbrich & It Grutte Guod, Adri de Boer, Sequens, ensafh. 

Adonis is wer fan de partij mei workshops en in show om 19 oere op It Breed. Ek is der in teaterworkshop fan it BoemTheater. Jeugdcircus Saranti fertoant syn keunsten en foar de allejongste besikers is der Inkipinki Poppentheater. Ek kinne de bern wer sminkt wurde. 

De eksposysjes binne dit jier op ien lokaasje: yn de loads fan Antonides is it Eksposysjeplein mei in 4-tal eksposanten. 

Op it Eastermarder Skûtsje farre dit jier de pioniers fan de Fryske radio en de Fryske muzyk: Bennie Huisman en Klaas Jansma. De beide hearen sille om-en-om de opfarrenden fermeitsje. 

Oan strjitartysten dit jier ek in grut ferskaat. Û.o Folkert Wesseling mei de bus en HympHampTeater. Folle net genôch mar der is noch mear, want wa wit wat jo sa noch tsjinkomme ûnderweis…. 

Dit jier spylje de poadia by It Betterskip en it poadium op it terras fan Meerzigt troch oant 20.00 oere. 
Op de beide trailers spylje wer bands, in protte út Eastermar. As ôfsluter komt Lechery mei gastartysten; it wurdt fêst in spetterjend slot! 

Dit alles is wer mooglik troch de ynset fan alle frijwilligers, ús haadsponsor Boubedriuw Swart, de donateurs, de advertearders, de gemeente Tytsjerksteradiel en de sponsering fan de hoareka en standhâlders op dit Easterbarren.
Ús grutte wurdearring sprekke wy fêst út foar al dizze stipe!
Wy sjogge der nei út en ferwolkomje jim graach op 31 augustus yn ús moaie Eastermar.

De Organisaasje: Eelke, Hetty, Anne, Wendy, John, Bea en Nynke

easterbarren bb

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: