Yn BREEDút, op dizze doarpshiemside en middels in hûs-oan-hûs besoarge struibrief is omtinken jûn oan de op saterdeitejûn 1 oktober n.k. te hâlden Doarpsfeiling. De oanmelding fan kavels rint goed, want der binne by de organisaasje al ûngefear 60 kavels opjûn. By de foarige ferkeapingen (2001, 2004 en 2007) lei it totaal oan ynbrochte kavels tusken de 120 en 140, dat der kinne foar dizze edysje noch wol wat by…
De kreative Eastermarder kin om it doel fan ‘e Doarpsfeiling - de ferbettering fan ‘e akkomodaasje op ús sportkompleks - te stypjen, noch altiten syn kavel (guod of tsjinst) oanmelde by de Kommisje Fûnswerving Burgerkamp (K.F.B). Hoe?
Fia e-mail op w.postma20@chello.nl of efkes skilje nei Wijbe Postma 0512-471615. In oanbod op papier ôfleverje op ’t Hôf 5 of gewoan dêre mûnling melde kin fansels ek. De absolute slútdatum fan oanmelding is 10 septimber 2011.
Tank yn ’t foar út namme fan ‘e K.F.B.,
Wijbe Postma
-
- Informatie
- 17 april 2024
Factsheet herstel brug Skûlenboarch
Op 3 februari van dit jaar raakte de brug bij Skûlenboarch zwaar beschadigd door een aanvaring. Het... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Eastermar is...
…nije autoladerij foar it BetterSkip oer. Meikoarten yn funskje. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Oud-Eastermarder Gepke Hoekstra exposeert in KAF
Studenten en alumni exposeren van 27 april t/m 5 mei in de werkruimtes van Kunstacademie Friesland m... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Bedankt Eastermarders
Al mear as 10 jier sammelet Eastermar moanliks produkten yn foar de Voedselbank Tytsjerksteradiel. Fa... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 april 2024
Livemuziek na VV Eastermar - Harkema Opeinde
VV Eastermar is de trotse koploper van de vierde klasse. Concurrent Noordbergum staat er ook goed vo... Fierder lêze »